Dronrijp

21 juny - 8 july 2017

logo


MANON

MANON

Dit jier spilet Iepenloftspul Dronryp it stik ‘Manon’, in bewurking op de twalûk Jean de Florette en Manon des Sources fan de Frânske skriuwer Marcel Pagnol. 

‘MANON’ fertelt it ferhaal fan Manon dy’t mei har heit en mem út ‘e stêd ferhúzje nei it plattelân. De heit fan Manon, Jean de Florette, is in bochelde belestingûntfanger. Hy hat in pleats urven en wol dêr yn de bergen buorkje. Mar de rike heareboer Papet Soubeyran en syn neef Ugolin ha ek harren each falle litten op datselde plak. Sy beslúte om stikem de wetterboarne op it hiem fan Jean ticht te mitselje wêrtroch it plan fan Manon en har famylje op dramatyske wize mislearret. As dan nei tsien jier de wierheid foar it ljocht komt, nimt Manon it heft yn eigen hannen en wol se it hiele doarp wreekje foar it ûnrjocht wat harren oandien is.

 


 

 

 

 

21 juni 2017
21.00 oere
Premjêre
23 juni 2017
21.00 oere
 
24 juni 2017
21.00 oere
 
30 juni 2017
21.00 oere
 
1 juli 2017
21.00 oere
 
7 juli 2017
21.00 oere
 
8 juli 2017
21.00 oere
 

Bestel kaarten