Houtigehage

30 juny - 9 july 2017

logo


De Omkearde Staking

De Omkearde Staking

Yn it ramt fan it kultuerhistoarysk jier "Roerige tiden yn Smellingerlân" wurdt it iepenloftspul De Omkearde Staking opfierd.
Begjin fyftiger jierren wie der grutte wurkleazens yn Houtigehage. Dochs wie der genôch wurk: der wie in achterstân yn de útfiering fan iepenbiere wurken en de werûntginning fan in oantal dyken wachtte al jierren op útfiering. In oantal wurkleazen gie út protest oan it wurk: de Parkwyk, in ûnbegeanbere dyk as it reinde, waard ûntgind. Wurkleazen dy't oan it wurk giene: in omkearde staking, dit ta ferbjustering fan de autoriteiten. Op 21 jannewaris 1952 is de omkearde staking in feit. Houtigehage kaam yn it nijs: der waard in ferslach publisearre yn “De Waarheid”, de partijkrante fan de CPN. Houtigehage stie op'e kaart. Foar de provinsje en it gemeentebestjoer wie de omkearde staking oanlieding om no wol oan de slach te gean mei it útfieren fan de iepenbiere wurken. Dit alles is ferwurke yn in iepenloftspul mei dêryn ek de hâlding fan gesinsleden tsjinoer de stakers, de burokrasy en in stille leafde mei fiergeande gefolgen. Under lieding fan skriuwer en regisseur Wimpy de Vries wurdt it gehiel mei humor en realiteit opfierd! 


 

 

 

 

30 juni 2017
20.30 oere
 
1 juli 2017
20.30 oere
 
2 juli 2017
15.00 oere
 
7 juli 2017
20.30 oere
 
8 juli 2017
20.30 oere
 
9 juli 2017
15.00 oere
 

Bestel kaarten