Houtigehage

14 juny - 23 juny 2019

logo


Gean of bliuwe....?

Gean of bliuwe....?

Gean of bliuwe…?

 

Dizze fraach jout sa’n hunderd jier ferlyn in bulte gedoch yn buertskip Luchtenveld op ‘e Houtigehage. Ien fan de lêste plakken dêr’t de bewenners noch heide ta boulân as greide meitsje en dêrnjonken wurkje wolle wêr’t mar wurk te finen is. De omstannichheden wêrûnder binne njonkenlytsen bekend. It tiidrek tusken twa wrâldkrigen is tekene troch oarloch, flechtelingen-problematyk, earmoede, honger, útbuting en arrogânsje fan macht. Jonge minsken mei am-bysje sykje nei wizen om fuort te kommen. Emigrearje nei in oar lân? Dus “Gean of bliuwe”.

 

Foar de bewenners fan ‘e heide jildt mar ien opjefte: oerlibje! Sa’t Shakespeare al ieuwen ferlyn skreaun hat: “To be or not to be…… that’s the question”. Oftewol: hokker ynfloeden binne der op it minsklik dwaan en litten en wat hâldt ‘goed en kwea’ dan yn? Fraachstikken fan alle tiden dy’t liede kinne ta útsprutsen sociale en politike stânpunten mei dêrnjonken skerpe tsjinstellings op it mêd fan it leauwen……

 

Hawar….. binne it eins oare problemen as hjoed de dei? Luchtenveld efkes mei de Brexit it sintrum fan ‘e wrâld? Dat is de fraach….oan de taskôger it antwurd. Kin it aktueler?

Skriuwer en regy fan it stik: Wimpy de Vries.


 

 

 

 

14 juni 2019
20.30 oere
 
15 juni 2019
20.30 oere
 
16 juni 2019
15.00 oere
 
21 juni 2019
20.30 oere
 
22 juni 2019
20.30 oere
 
23 juni 2019
15.00 oere