Dronrijp

21 juny - 6 july 2019

logo


Turks fruit

Turks fruit

Dit jier spilet Iepenloftspul Dronryp ‘Turks fruit’. It is in nij stik, basearre op it ferneamde boek fan Jan Wolkers en de film fan Paul Verhoeven, dy’t mei 3,3 miljoen besikers noch altyd de meast suksesfolle Nederlânske bioskoopfilm oait is.


Haadfiguer Erik is in jonge talintearde keunstner mar hy hat ek grutte talinten yn de leafde mei in net te stuitsjen libido. Hy komt op in dei samar ynienen it ''dizige reade bist” Olga tsjin wêr’t hy grinzeleas fereale op wurdt. De leafde tusken him en syn Olga set foar beide de wrâld yn 'e brân. Mar Erik hat ek te krijen mei in heks fan in skoanmem dy’t graach alles nei har hân sette wol. Dêrtroch moat Erik alle seilen by sette en keuzes meitsje. Troch syn benearjende leafde foar Olga en syn grutte libido komt harren relaasje ûnder druk te stean. Der sil in soad feroarje en dat set de wrâld fan Erik en Olga op syn kop.

 

Yn ‘Turks fruit’ wikselje tema’s as leafde, tragyk, humor, fergonklikheid, de dea en hertstocht elkoar ôf. Sang en live muzyk spylje in wichtige rol yn dit stik dat foar it earst yn it Frysk én yn ‘e iepenloft opfierd wurde sil.

Tekst, bewurking en oersetting: Dick Jansen
Rezjy: Theo Smedes

 


 

 

 

 

21 juni 2019
21.00 oere
Premjêre - útferkocht
22 juni 2019
21.00 oere
útferkocht
26 juni 2019
21.00 oere
útferkocht
28 juni 2019
21.00 oere
útferkocht
29 juni 2019
21.00 oere
útferkocht
2 juli 2019
21.00 oere
ekstra foarstelling - útferkocht
4 juli 2019
21.00 oere
ekstra foarstelling - útferkocht
5 juli 2019
21.00 oere
útferkocht
6 juli 2019
21.00 oere
útferkocht

Bestel kaarten