Wijckel

17 juny - 24 juny 2022

logo


De Bile yn Wicklewood

De Bile yn Wicklewood

In melodieus mearke oer in doarpke sûnder harmonie

Yn Wicklewood -in lyts doarpke yn Bosgeasia- wol elkenien wol wenje! It doarpke is tige selsfoarsjennend en hat alle foarsjennings fan eartiids noch. U.o. in bakker, slagter, grienteboer én sels in fytsewinkel. Allinne de skoalle is krekt slútten. En de fanfare Melodia -harren lêste sosjale foarsjennig- stiet op ‘e tocht om’t de distriktrie de subsydzje stopset hat en fol op toerisme gean wol.

Dat kin net! It hért soe út Wicklewood skuort wurde en se sette allegear aksjes op om Melodia te rêden. As plan Amsterdamsko Lake Distrikt ienien op tafel leit lonkt de roem en it jild. Hjirmei is net allinne Melodia réden, mar ek alle dreamen kinne ta útting komme! Mar hoe fjirder ‘Plan ALD’ syn gerak krijt, hoe fjirder de gelederen op skerp komme te stean yn Wicklewood.

Wa sit hjir eins op ‘e earste en wa op ‘e twadde sit?

Yn ‘de Bile yn Wicklewood’ sjogge wy in lytse doarpsmienskip dy’t hieltyd fjirder fan inoar ôfkomme te stean. De fraach wurdt stelt hoe fier ast as mienskip as yndividu giest yn it ferkeapjen fan dysels en dyn identiteit. In ‘dokumentaire-iepenloftfoarstelling’ fol ûnderlinge yntriges, freonskippen, humor én muzyk.

Wês wolkom yn Wicklewood!


 

 

 

 

17 juni 2022
20.00 oere
 
18 juni 2022
20.00 oere
 
24 juni 2022
20.00 oere
 
25 juni 2022
20.00 oere
 

Bestel kaarten