Easterwierrum

16 juny - 25 juny 2016

logo


De Geast Fan Spultsjelittens

De Geast Fan Spultsjelittens

Oan 'e râne fan Hopbilstergryp leit in nuver stikje braaklân. Der soe in nijbouwyk komme, mar it jild wie op, dus it gong net troch.De gemeente is der in bytsje mei oan, mar de bern fan Hopbilstergryp net. Dy hawwe fan Spultsjelittens (sa soe de nijbouwwyk hjitte, neamd nei it âlde boerespultsje fan Alde Klaas en Fardou dat der earst stie) in geweldich boartersplak makke.
Wat minder ergens is, wat mear de fantasy de romte krijt. Is dat de geast fan Spultsjelittens, dy ûnferwachte útbraak fan fantasy by al dy bern? Want it is in magysk plak, de ydeeën dûkelje oer mekoar hinne! Wat in fantasy ha se, de bern fan Spultsjelittens. Boartsje sille se, oan ien wei troch!
Allinne Potter (hjit er echt sa?), dy hat gjin fantasy. Hy falt der in bytsje bûten. Hy mei al dy spultsjes net lije. Hy is ek de iennichste, dy 't it net hielendal fertrout as buorman Boer Agema syn each op Spultsjelittens falle lit. Mar as de Geast fan Spultsjelittens ynienen oer Potter komt, krije wy it bisûndere ferhaal te hearren fan Alde Klaas en Fardou en har spultsje...en hoe 't se har fertroude plakje yn Hopbilstergryp ferlearen.
In Berne Iepenloftspul yn twa stikken : yn it earste part in kroade fol mei bernefantasy, yn it twadde part it minslike ferhaal oer hokfoar spultsjes der yn 'e grutte minskenwrâld spile wurde. Mei in soad humor, ferskes, idioate dingen en in pear dikke, dikke triennen...

 


 

 

 

 

16 juni 2016
20.30 oere
Premjêre
18 juni 2016
20.30 oere
 
19 juni 2016
14.30 oere
 
22 juni 2016
15.30 oere
 
24 juni 2016
20.30 oere
 
25 juni 2016
20.30 oere
 

Bestel kaarten