Fanôf 1 juny kin jo kaarten bestelle foar ús iepenloftspul "Omke Henk". De kaarten kostje € 16,00 it stik, wêr fan at 1 euro nei Natuurmonumenten giet, omdat wy gebrûk meitsje fan it Baarderbuorrenbosk, wat ûnder harren beheer falt.
Yn 2014 bestie Stifting Teater Selskip Arum 25 jier! Dit jubileum ha we mei alle teaterleafhawwers út Arum en omkriten fiert, mei ús earste iepenloftspul. It teaterstik “Langst” wie in grut sukses en waard “bejubeld” troch spilers,besikers en recensenten. Dit projekt wie net mooglik west sûnder de finansjele stipe fan ús donateurs, sponsoren en subsydzjes.
De ûnderfining rûnom “Langst” smakket nei mear en derom wol Stifting Teater Selskip Arum op’e nij in iepenloftspul opfiere yn it Baarderbuorrenbosk yn Arum.