In ferrassend en fantasiefol mearke, geskikt foar jong en âld.
In bysûndere iepenloftfoarstelling, skreaun nei oanlieding fan de ynbring fan de spilers en harren sels betochte personaazjes.
Yn it lân fan Ie is in striid geande om de macht oer it lân. It liket of’t de kweade kant oan de winnende hân is. Mar hjir komt feroaring yn wannear’t der ynienen trije fremdelingen op besite komme. Harren ûnferwachte besyk stjoert alles yn it hûndert. Al hielendal wannear’t sy help krije fan de Grutte Gûchelder…
In ferhaal oer goed en kwead, wêrby bliken docht dat wannear’st dyn hert, harsens en goede moed brûkst, it altiid wer goed komt.
Plak: Foarwei 183, Kollumersweach
Efter: VS Techniek
Tún iepen om 19:30, los om 20:00 oere
Minwaar/sukses opsje: in matinee om 15:00 oere
Yntree: Bêrn €5,- / Folwoeksenen €7,50
Foarferkeap fanôf 10 juny by de Spar Kollumersweach
Omrop Fryslân trailer: http://omrop.fr/JqXd