Easterwierrum

20 juny - 2 july 2017

logo


Pietje Bell en de binde fan....

Pietje Bell en de binde fan....

Wy geane dit jier werom yn 'e tiid. Werom nei rûchwei 100 jier lyn. Nei Rotterdam, de havenstêd oan 'e rivier de Maas bekend om syn Euromast en syn rykdom.

Of nee, de Euromast stie der hûndert jier lyn noch net en dy rykdom, dat falt ek ôf, hûndert jier lyn. It is krisis yn Rotterdam, dus de minsken binne earm, heit is wurkleas en mem besiket mei oardel putsje noch wat jild binnen te krijen. Amearika is ryk, dêr is noch takomst. Rotterdam is in súterige stêd sûnder takomst. Gelokkich binne jim der noch. De bern fan Rotterdam. Dy wurkje. Net mear nei skoalle, wurkje! Kinderarbeid is lekker goedkoop.
It skynt sels dat se by de drukkerij fan It Lêste Nijs (dat is in krante, It Lêste Nijs) alle grutte minsken der hjoed útdonderje sille. 
En dan sille jim oan it wurk yn 'e drukkerij fan It Lêste Nijs.

Of nee, de drukkerij fan 'e Swarte Krante.

De nije baas fan 'e krante, Piet Swarte, hat de namme feroare. Fan It Lêste Nijs yn De Swarte Krante.

En wurkje yn 'e drukkerij fan 'e Swarte Krante is saai wurk en fertsjinnest tsien sint de wike. Dit wurdt dus in hiel saai stik. Sorry.

Of nee, toch net.
Want hûndert jier lyn wennet Pietje Bell yn Rotterdam. En Pietje Bell lûkt him niks oan fan earmoed, is posityf, sit fol mei grappen en mei him derby is it noait saai. En hy wurket dus ek op 'e drukkerij mei jim. Dat koe wol ris in binde wurde. Seker as bekend wurdt dat Keninginne Wilhelmina (dat is de beppe fan 'e mem fan Kening Willem Alexander fan Maxima fan Oranje) op besite komt yn Rotterdam mei har dochterke de kroanprinsesse Juliaantje.

Want der moat in spesjale Sneon & Snein makke wurde om dat grutte nijs oan te kundigjen. Lit dat mar oan Pietje Bell en de oare bern yn 'e drukkerij oer. Dy meitsje der hiel wat oars fan as dat baas Piet Swarte yn 'e kop hie. Piet Swarte fansels lulk. Hy fielt him foar gek setten. En hy sil wraak nimme wolle, want sa is Piet Swarte. Wraak nimme op Pietje. En dêrmei ek op jim allegearre.

Want Piet Swarte hâldt net fan jim fantasij, fan jim grappen en dat jim, mei al dy earmoed gewoan trochsjonge en -boartsje. Hy hâldt net fan 'e positiviteit fan Pietje, fan 'e fantasij fan Pippi Langkous, hy hat de pest oan it bûtenlânsk aksent fan Oliver Twist, hy fynt Sytske en Hielkje Klinkhamer mar in stel boeretutten, Dik Trom fynt er te dik en Suske de Rat kin net sjonge. Dy wurkje ek op 'e drukkerij, hie 'k dat al ferteld?

Dus, in bytsje útsjen foar Piet Swarte. Hy sil besykje Pietje derûnder te krijen, jim der ûnder te krijen. En dan noch foar 't de Keninginne op besite komt. En hoe 't Piet Swarte dat fertoane sil, bliuwt in ferrassing. En hoe Pietje mei jim, mei de hiele binde fan 'e Swarte Hân, Piet Swarte foar it each fan 'e Keninginne, úteinlik Piet Swarte op syn nûmer set-  bliuwt ek in ferrassing.

Mar ien ding is wis- dêrnei sil Rotterdam wer in bytsje yn 'e takomst leauwe. Mei tank oan Pietje Bell en jim. 


 

 

 

 

20 juni 2017
20.30 oere
Try-out Besletten
22 juni 2017
20.30 oere
Premjêre
24 juni 2017
15.30 oere
 
28 juni 2017
15.30 oere
 
30 juni 2017
20.30 oere
 
2 juli 2017
15.30 oere