In unyk barren! Belibje de midsiuwen op bysûndere lokaasjes yn Spannum!
Yn juny wurdt in belibbingsteater opfiert oer Sybrant Roorda. Yn 2014 kaam by de restauraasje fan de tsjerke syn grêfstien te foarskyn. Wa wie dizze man? En wat hat hy betsjutten foar syn húshâlding, syn doarp, syn lân? Yn it stik ‘It Kistke fan Sybrant Roorda’ komt alles ta libben. Syn moeting mei Maarten Luther, de striid mei Grutte Pier, mar ek mear persoanlike mominten út syn libben. Gean mei ús troch lytse en grutte skiednisferhalen en rûk, priuw en belibje de midsiuwen. Dit unike barren wurdt brocht mei humor, in bytsje earnst en in knypeach nei de hjoeddeiske tiid. Wolle jo ek witte wat der yn it Kistke sit? En hokker kaai der past op it slot fan de skiednis en de takomst? Kom dan nei Spannum!
Regy: Anne Zijlstra en Gerben Postema
Tekst: Hans Brans, Fryske tafoeging: Bea Bouma-Valkema
Tagongspriis € 16,-