Snakkerbuorren

5 july - 16 july 2017

logo


In see fan lân

In see fan lân

Wat dochst as’t yn Amsterdam fiif goedrinnende kroegen runst, at de man fan dyn bern net mear yn byld is, as’t in pubersoan hast dêr’st net genôch tiid oan jaan kinst en as’t eins ek net mear oan dysels ta komst? Kinst twa dingen dwaan: trochgean of stopje.

 

Simone beslút om it roer rigoreus om te smiten. Se ferkeapet de kroegen, ferlit Amsterdam en giet mei har soan Ruben nei Fryslân dêr’t se yn it doarpke Randum in leechsteand kafee keapet. Se sjocht it hielendal sitten om tichtby de minsken te wêzen, wat foar harren betsjutte te kinnen en wer belutsen te wêzen by it libben.

 

Mar har komst wurdt net troch elkenien as posityf erfaren en al hielendal net as sy as fjirtiger oant oer har earen fereale rekket op de folle jongere boeresoan Sjoerd. En Sjoerd op har …  In tornado brekt los en de fraach is hoe sterk harren leafde dan is: oerwint leafde alles, sa as it sprekwurd seit?


Lit dy meislepe yn it poëtyske en muzikale leafdesdrama ‘In see fan lân’!


 

 

 

 

5 juli 2017
21.00 oere
 
7 juli 2017
21.00 oere
 
8 juli 2017
21.00 oere
 
13 juli 2017
21.00 oere
 
14 juli 2017
21.00 oere
 
15 juli 2017
21.00 oere
 
16 juli 2017
21.00 oere
 

Bestel kaarten