Toanielferiening Fordivedaesje bestiet 40 jier en dat wolle hja witte! Fordivedaesje hat de âlde folksêge fan de trije reuzen bewurkje litten troch de skriuwers Paul van Dijk en Jurjen Faber. Beide mannen binne ûnder oaren bekend fan teaterselskip Knûkel. De toanielferiening is bliid en grutsk mei it script.
Haadpersoan yn De Striid is lytse Piter. De doarpen wurde slim bedrige troch de trije reuzen en dêrneist is der ek noch heech wetter op komst. Kin lytse Piter dizze eleminten de baas, of...?! Jo sitte earste rang in ien fan ús preammen en wy farre jo oer it Ges by DE STRIID lâns.
De haadregy is yn hannen fan Fordivedaesje sels. Dêrnjonken freget it stik in protte sub-regiseurs. Dit alles hat te krijen mei it ferskaat oan sênes en lokaasjes. De Striid freget ek in soad spylders. Mar Fordivedaesje hat har bêst dien beide doarpen te mobilisearjen. Mei man en macht hat Top en Twel de skouders der ûnder set. Jong of âld, frou of man, betûft of nijkommer, elts hat in plakje yn dizze bysûndere produksje.
Jo binne wolkom by DE STRIID!