Nei it sukses fan “De Dwerskop” by it Hendrik Bulthuis Akwadukt komt Iepenloftspul Burgum opnij mei in stik op in hiel bysûndere lokaasje. Yn (ferwaarme) en om de âld molkfabryk fan Burgum sil yn maart 2018 it stik “Elts foar himsels…” opfierd wurde. Elts foar himsels is in komeedzje oer ynklauwers en eigenbelang yn de lokale polityk. De heechste bestjoerders en amtners ûnder lieding fan de boargemaster binne flink fan slach as se hearre dat der in ûndersyk útfierd wurdt nei harren hanneljen. Dit bart troch in undercover ynspekteur. Der ûntstiet in soad alteraasje en ûnrest. Neat is wat it liket. Rêde se it mei elkoar of bliuwt it Elts foar himsels?