Iepenloftspul skreaun troch Baukje van Hijum nei it it boek fan Durk van der Ploeg.
It tredde iepenloftspul fan Mitselwier giet oer de skiednis fan de doarpen Peazens en Moddergat. It is de striid fan de fiskers en boeren om it bestean. Boeredochter Swaan is troud mei de fisker Rimmer Vaderloos. Botte, soan fan Swaan sjocht Rimmer as syn heit. Hy moat in keuze meitsje om krekt as Rimmer fisker te wurden of nei de pleats fan pake om fierder te gean as boer. Syn earste seereis falt net ta, hy Interne linkkin der wol fan spuie. Mar hy set troch, seker as Rimmer in boat bouwe lit. Dy boat is grutter en kin better konkurrearje mei de Dútske fiskersboaten. Mar in swiere stoarm yn 1883 is ek de nije boat net tsjin bestand. In protte fiskers ferlieze harren libben. De minsken yn Peazens en Moddergat bliuwe fol twifel achter. Wat moatte de jonge manlju no dwaan? Botte hat mar ien doel, hy wol fiskerman bliuwe en docht dêr alles foar. Mar syn freondinne hat oare plannen, wa lûkt der oan it langste ein. Hoe komt it mei de fiskerij en wat bliuwt der oer fan de buorkerij? Hoe hâlde de minsken de holle boppe wetter? Binne der noch idealen dy’t útkomme?
Op 8, 9, 10, 15, 16 en 17 septimber te sjen op it Stinzeterrein yn Mitselwier.