Rezjy: Romke Toering
Skriuwster: Hilda Talsma
Ferbining;
Yn in wettersportdoarp op it plattelân binne de ynwenners op ferskate manieren mei elkoar ferbûn; troch famyljebannen of sosjale kontakten mar ek troch de brêge oer it wetter, dat it doarp oars yn twa helten ferdielt. It soarget benammen yn ‘e simmer foar in protte drokte en konsternaasje wêr’t de sosjale brêgewachter beppe Brêge har mei rêdt en dêr’t se gauris help by krijt fan it aardige famke Lena. Sy fynt it by beppe Brêge geselliger as by har eigen famylje.
By de brêge stiet in rige fan trije sosjale hierwenningen; ‘It fredige frouljushiem’. Lena har echte beppe Aagje wennet dêr al in skoftsje mar sûnt de komst fan buorfrou Fatima mei har kreaze soan Zayd en buorfrou Anna dy’t hannelet yn stuiterballen, wurdt de rêst op ‘e buert wreed fersteurd! Trije hiele ferskillende froulju, letterlik ferbûn oan elkoar op in pear fjouwerkante meter, sette mei har eigen wierheid en húshâlding de boel aardich op ‘e kop!
Yn alle konsternaasje mei bysûndere doarpsbewenners, toeristen, Marokkanen, wâldpiken en stuiterballen bloeit de leafde tusken Lena en Zayd op. Tagelyk wurdt de brêge automatisearre, moat Beppe brêge ferdwine en docht de brêge it hieltyd mâlder.
Hoe’t dit allegear ôfrint? Jimme kinne it sjen yn it earste iepenloftspul fan Warten !