Spannum

8 juny - 17 juny 2023

logo


Wat bisto leaflik!?

Wat bisto leaflik!?

Wat bisto leaflik!?
In iepenloftspul oer Waling Dijkstra, ien fan Fryslâns grutste skriuwers en dichters en grûnlizzer fan de Fryske toanielkultuer. 
 
Waling moast yn Spannum de bakkerij mei syn mem draaiende hâlde. Dat die er mei tsjinsin, want hy wie folle leaver dwaande mei skriuwen en dichtsjen yn de Fryske taal. Yn it doarp hiene se net sa folle op mei Waling fanwege syn oare wize fan tinken. Ek op it mêd fan de romantyk hâlde hy
him net oan de yn dy tiid jildende regels. Dat alles soarge foar in soad drama yn syn libben. De titel Wat bisto leaflik!? ferwiist nei syn bekende liet Simmermoarn, mar wie Waling sels wol sa leaflik?
Passy Pôle
Foarôfgeand oan it iepenloftspul kinne jo, yn in festivalsfear, alfêst yn de kunde komme mei Waling Dijkstra syn passy's. Jo kinnen sels kreatyf oan de slach, genietsje fan in foardracht as fan muzyk,. Der binne fersnaperingen en der is mear.
De Passy pôle begjint om 19:30 oere en it iepenloftspul Wat bisto leaflik!? begjint om 21.00 oere.
Earst op de Passy pôle, earst op de tribune. 
Belibje it sels yn Spannum!
Kaartferkeap fia www.watbistoleaflik.nl 
  • Inisjatyf fan CMV Oranje Spannum en Stifting Mei-inoar Spannum
  • Skriuwer: Dick Jansen
  • Rezjy: Tineke Broers
  • Komposysjes en muzikale lieiding: Thom Zigterman
  • Muzyk: CMV Oranje Spannum

 

 

 

 

8 juni 2023
21.00 oere
Fanôf 19.30 - 21.00 oere Passy Pôlle
9 juni 2023
21.00 oere
Fanôf 19.30 - 21.00 oere Passy Pôlle
10 juni 2023
21.00 oere
Fanôf 19.30 - 21.00 oere Passy Pôlle
15 juni 2023
21.00 oere
Fanôf 19.30 - 21.00 oere Passy Pôlle
16 juni 2023
21.00 oere
Fanôf 19.30 - 21.00 oere Passy Pôlle
17 juni 2023
21.00 oere
Fanôf 19.30 - 21.00 oere Passy Pôlle

Bestel kaarten