#Maten, in misdiekomeedzje
#Maten giet oer in freonegroep dy’t tsjin de fyftich rint en ta de konklúzje komt dat it libben net ferrûn is sa’t it kinnen hie. Allegearre binne se troch it libben en de leafde skansearre en it libben liket foar de mannen as in nachtkears út te gean. Dan besykje se lang om let om noch ien kear in draai oan dát libbentsje te jaan. De manlju wolle noch ien kear sjen litte oan de wrâld dat se der wol deeglik ta dogge, dat sy ek slagje kinne. Dan witte se lykwols net dat dat net sûnder gefaar foar eigen libben is.
“Sjoch ús dan no, fjirtich jier letter… en gjin meter opsjitten,” dat binne de wurden fan Ap. Hy is ien fan de fiif maten fan ‘Wolfpack Westerwurd’. Se wenje mei-inoar yn harren âlde basisskoalle dy’t in soarte fan studintehús wurden is foar midlifemantsjes.
Dêr’t de maten (Ap, Frâns, Freek, Wybe en Willem) eartiids sjoen waarden troch master Wolf as de ‘gouden generaasje’ dy’t it wol meitsje soe... spilet no by elk in identiteitskrisis op. Sa mislearje harren houliken en karriêres.
As se by tafal yn oanrekking komme mei de tige gefaarlike Albaneze ûnderwrâld, liket alles noch útsichtleazer. De manlju witte mar al te goed dat – as je ien kear yn dy wrâld sitte – je der noait mear útkomme.
Dan roppe se help yn fan haren favorite master fan eartiids. Hy wist de jonges froeger altyd op it goede spoar te setten. Probleem is lykwols dat master Wolf yntusken heech op jierren is en net altyd like skerp mear. De manlju betinke lykwols in plan en geane ta it uterste om noch ien kear te ûntsnappen. Soe der dan einlings íén ding yn har libben wol slagje?
De misdiekomeedzje #Maten is in humoristysk ferhaal mei in knypeach nei populêre telefyzjesearjes lykas ‘Divorce’ en ‘La Casa de Papel’. It stik #Maten is net in ferfolch op #freonen fan twa jier lyn, mar it giet wol oer deselde groep en de dialogen binne wer skerp en hilarysk. It publyk kin him mei it stik #Maten fan Iepenloftspul Jorwert, lykas twa jier lyn, ûnderdompelje litte yn en laitsje om de soares fan in oar en wurdt in jûn op en top fermakke. It stik sit grôtfol grappen, falske spoaren en komyske situaasjes.