SPEAK
Earne op in plak dêr’t net ien it ferwachtet, tusken tûken en blêd, midden yn in bosk, wurkje hiel bysûndere minsken yn in like bysûnder bedriuw. It is in fytskoeriersaak, mar ek in frijplak foar in stel deidreamers. Want sa soepel as de koeriers har fracht oer de dyk traapje… sa hobbelich is har eigen libben. Dei yn, dei út wurde sy derop útsjoerd troch de oprjochter en spil fan de saak, de net wurch te krijen Wybe.
De meiwurkers fleane troch waar en wyn en faaks mei frisse tsjinsin út troch de provinsje. Wybe, dy’t sels gjin skonken hat en him mei in stok en in scootmobyl ferpleatse moat, is net echt saaklik oanlein. Lokkich kriget der help fan syn maatsje Margje. Tegearre hâlde sy SPEAK draaiende.
It Iepenloftspul SPEAK giet oer in groep minsken yn de mienskip dy’t faaks anonym bliuwt. Yn harren útfalsbasis fjochtsje de koeriers inoar soms de tinte út mei hurde grappen en bitende rúzjes. Se foarmje ek in hechte famylje mei alles derop en deroan: fêste stokhynderkes, oprinnende yrritaasjes, taboes, humor, in soad opofferingsoertsjûging en oanwaaiende buertbewenners, lykas de buorfrou dêr’t Wybe tige wiis mei is. De koeriers binne ta-inoar feroardiele. Se kinne net mei, mar al hielendal net sûnder inoar. En dan moat ek dy saak nochris oerein bliuwe. Dat lêste blykt in hiele toer en úteinlik rint dan ek alles hielendal SPEAK.
Komt it ea wer goed mei it bedriuw fan Wybe?
Iepenloftspul SPEAK is basearre en ynspireare op de dokumintêreserie TRAPPERS, dy't mei de kryst fan 2022 by de VPRO te sjen wie.