Hiel Gallië?
Julius Caesar hat hiel West-Europa ferovere, op ien doarp nei! De Galliërs dêr, mei harren toverdrank, ha de gek mei de Romeinen. Mar dat sil net lang mear duorje! Caesar betinkt in list, hy stjoert Cassius S., de grutste rúzjemakker fan it Romeinske Ryk, der op ôf.
It wurket. Cassius S. set it doarp op tsjin Asteriks en soarget foar heftige rúzjes ûnder de Galliërs. As yn it doarp alles en elkenien spul hat, en de iene nei de oare de nije lieder wurde wol, kinne de Romeinen einlings hear en master wurde fan HIEL Gallië!
Miene se. Ek Asteriks betinkt in list, mei help fan druïde Panoramiks. En as Obeliks syn gewicht yn de striid goait, dan wurdt it noch spannend...
Dit stripferhaal is in ferrassende foarstelling, mei troch de humoristyske lieten fan Peter Sybenga en muzyk fan Kees van der Meer.